Op 13 oktober wie it dan sa fier, de offisjele iepening fan Paviljoen de Leyen. Fansels is dit hoarekabedriuw oan de Leien al in skoftsje iepen en eltsenien hat al ris in kear sjoen hoe 't der by leit. Mar it offisjele lintsje moast noch wol trochknipt wurde en dat waard dien troch de dochters (80 en 87 jier) fan ien fan de earste eigenaren fan it paviljoen en op dizze wize harren 'segen' oer de nijbou útsprutsen.

Pier Hager, mede-eigner, die yn syn moaie taspraak in oprop foar gersmeaners, want it die bliken dat it mei gers begroeide skeane dak in pear kear per jier meand wurde moat. En dêr hie Pier yn't foar net by stilstean.
Nei de iepening koe eltsenien omdwale troch it hiele gebou en stie der in batterij oan personiel klear om it de besikers nei de sin te meitsjen mei drankjes en hapkes. Muzyk fan de Harrekiten soargen foar de sfear. Pier en Mascha waarden bedobbe mei tuten, blommen en oare kado's, ek fan in tal Eastermarders. Dat lêste wie gjin wûnder want de eigners fiele harren in bytsje Eastermarder, ek al leit it paviljoen krekt oer de gemeentegrins.

Yn it winterseizoen is it paviljoen yn it wykein iepen, dus wa 't in kear genietsje wol fan it spektakulêre útsicht hoecht net te wachtsjen op it foarjier fan 2011.

{morfeo 173}

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe