Op freed 28 maaie 2010 hat Helena Tadema foar it earst de doar iepen dien fan it nijste winkeltsje yn Eastermar: it Quiltershûske.
Yn de winkel is alles te keap op it mêd fan quiltmeitsjen. Dêrneist organisearret Helena regelmjittich workshops, sadat leafhawwers sels oan 'e slach kinne.
Yn de winkel binne ferskate quilstoffen te besjen en te keap. Dizze stoffen ûnderskiede har fan oare, 'gewoane', stof troch û.o. de patroanen en in spesifike maat (1.10 m. breed).

quitershuske


De hiele dei hat it drok west mei quiltleafhawwers en Eastermarders dy't gewoan even nijsgjirrich wiene nei de nije winkel. Foar de gelegenheid  hie de famylje Tadema  oan de E.M. Beimastrjitte 50 (it postkantoar fan eartiids) in tydlik terras op it hiem mei fleurige sitsjes en gesellichheid.

It Quiltershûske is iepen op tongersdeis fan 10.00-12.00 en 13.30-17.00 oere.
Elke twadde freed yn de moanne ek fan 19.00 oant 20.30 oere.

quiltershuske

quiltershuske

quiltershuske

quiltershuske

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe