Eastermar is in doarp mei in rike skiednis wat it silen oanbelanget. De resinte skûtsje-skiednis is dy mei ús skipper Geale Tadema, dy't nei twa kampioenskippen yn de C- en B- Klasse, ferline jier spitigernôch wer ôfsakke nei de B-Klasse om't it yn de A-Klasse krekt net slagge. Mar dochs is Eastermar yn 2009 wol in bytsje kampioen wurden. Dat sit sa: Jelle Talsma fan Warten die mei syn 'Jonge Jan' wol wat Geale net slagge: hy promovearre fan de C- nei de B- nei de A-klasse en waard dêr op 'e nij kampioen! Mar... eins mei in Eastermarder skûtsje! Gjin wûnder fansels dat dat ding hurd giet...
Earste eigner wie Sytze Jiskes Sytema fan Eastermar: de Poep. It skûtsje krige deselde bynamme as de eigner. De Sytema’s wûnen der yn dy tiid tûzenen gûnen mei.
Oer de 'Jonge Jan' of De Poep is no in boek útkaam. Hjir is it te bestellen.
Oer ús skûtsje 'ít Doarp Eastermar' is ek in hiele skiednis bekend. Nijsgjirrich om te sjen hoefolle skûtsjes in link mei Eastermar hawwe. Sjoch sels marris yn dit syk-skerm en sykje op 'Eastermar' of 'Oostermeer'.
Oft en wannear't in boek oer Geale Tadema en 'it Doarp Eastermar' útkomt is noch net bekend, mar dat lêze jimme op dit plak fansels as earste! Earst marris de IFKS-wedstriden fan it kommende seizoen ôfwachtsje. Yn dit skema kinne jim sjen wannear't it allegearre losbarste sil.
-
- Informatie
- 13 juni 2022
Ut de âlde doaze: bylden fan it doarpsfeest fan 2004
Ut de tiid dat wy noch net allegear mei in mobyltjse dwaande wienen. Besjoch hjir it fotoferslach fa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juni 2022
Bylden Eastermarder hynstemerk, 18 jier lyn
Twa jier lang gjin doarpsfeest, hynste- en diskemerk. Eastermar sjocht dêrom ochsa út nei it lêste w... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 april 2022
Foto kruidenierswinkel, E.M. Beimastrjitte 70 uit 1930
Ik heb een foto van mijn pake en beppe Gerhardus de Haan en Froukje Hooijenga voor hun kruidenierswi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2021
Oproep naar de geschiedenis van skûtsje Nooit Volmaakt via eastermar.nl heeft effect
Op 31 januari 2016 werd in de kategory Oude beelden op uw website mijn oproep geplaatst. Ik was op z... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 oktober 2020
Legindaryske Eastermarder nammen fan eartiids
Folksferhalesamler Dam Jaarsma sammele net allinne ferhalen. Sa hie er ek in list optekene fan alle... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 oktober 2019
Alde fideobylden fan Eastermar
De redaksje kaam op YouTube prachtige, âlde bylden tsjin fan Eastermar. Wa't der mear oer fertelle k... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze »