Der is in nij boek oer de skiednis fan Eastermar!
DE DUVELIN FAN DE HELLING
Bynammen yn Eastermar
Hast alle doarpen yn Fryslân ha in bynamme. Ek ôfsûnderlike ynwenners fan in doarp steane faak bekend mei in bynamme. Yn it boek 'De Duvelin fan de Helling. Bynammen yn Eastermar' beskriuwe Elle Bosma, Ids Groenewoud en Sijbren Zandstra hoe't it troch de jierren hinne mei de bynammen yn Eastermar sit.
Wêr komt bygelyks de namme 'Broekophâlders' foar Eastermarders wei? Der binne meardere ferklearrings. Ek is besocht te achterheljen wa't bedoeld wurde mei de goed 250 Eastermarders dy't yn 'e rin fan 'e tiid in bynamme krigen.
En wa binne de minsken, neamd yn bepaalde doarpsrymkes?
Dy rymstikjes jouwe ek hiel wat typearrings fan Eastermarders.
It is in bûnte samling wurden, dy't men mei nocht lêze sil. In soad foto's binne tafoege. Wa soe him net fernuverje oer in bynamme as De Duvelin fan de Helling, Fokke Heare-God, Gandhi, Halbe Koejaar, Harm Byfoarbyld, Hylke Pakje, Jan Bibeltsje, Jan Flatsje, Jantsje Kaktus, Jehannes Teapert, Jelle Pypke, De Klokjefroulju, De Firma List en Bedrog, Petrus en Malchus, Oebele Skeetskiter, Pistolen Paultje, Pijpje Drop, Piter it Kalf, Stikkene Piter, Pa Roetmop, Rommert Jusjes, Ruerd Poerbêst, Sibe Eachje Ticht, Sikke Moai-hier, It Tsjettelboerke, Willem Platnoas, It Dútske Wyfke. En dat is noch mar in kar út sa'n 250 bynammen...
It is in hiel nijsgjirrich boek wurden, mei in soad foto's, ynbûn, printe op glânspapier.
Formaat A4 (21 x 29 cm), 108 bledsiden. Priis € 15.-
BESTELMOOGLIKHEID
It boek kin telefoanysk besteld wurde by Ids Groenewoud, E.M. Beimastrjitte 25, Eastermar (0512-471 675) of troch him in mailtsje te stjoeren op it adres: igroenewoud@planet.nl.
Yn beide gefallen kin ôfpraat wurde wannear't jo it boek by him ôfhelje kinne. Nim graach past jild mei!
-
- Informatie
- 14 juni 2025
Doarpsfeestbylden 20 jier lyn
Mei it doarpsfeest fan 2025 op komst alfêst bylden út 2005 om yn de stimming te kommen. Fierder lêze » -
- Informatie
- 08 mei 2025
5 maaie 2025, legertrucks ride troch Eastermar
De bylden binne fan hjoed-de-dei mar de trucks binne sawat antyk. In prachtich gesicht, dizze stoet... Fierder lêze » -
- Informatie
- 29 mei 2024
Doarpsfeestfoarpret: bylden fan 20 jier lyn
Bylden fan it doarpsfeest yn 2004, doe noch yn 'e loads. Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 oktober 2023
Snakkerbuorren ± 1948
Boarne: Jan van der Wal/Facebook-Skûtsjehistorie Foar de Neiteam Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 juni 2022
Ut de âlde doaze: bylden fan it doarpsfeest fan 2004
Ut de tiid dat wy noch net allegear mei in mobyltjse dwaande wienen. Besjoch hjir it fotoferslach fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 september 2023
Eastermarder docht bysûndere waarnimming
As soan fan in bakker waard Elte Martens Beima op 11 febrewaris 1801 yn Eastermar berne. De dûmny fa... Fierder lêze »