Alle jieren wurdt der op Himelfeartsdei in fuotbalwedstryd spile tusken de feteranen fan VV Eastermar en leden van de Undernimersferiening OVE. Foar sa'n wedstryd wurdt der omraak opjoen oer it tal brillen en keunstgebitten dat oer it fjild fleane sil, mar yn de praktyk falt dat och-sa mei. It wie in hiele knappe stryd, ek foar it publyk want der wiene mar leafst acht doelpunten!
Nei ôfrin die bliken dat de OVE oerwaget om foar takom jier in tal transfers foarinnoar te krijen. Dat wol sizze dat op syn minst ien feteraan foar himsels begjinne moat, wol dit slagje.

oveploeg.jpgDe OVE ploech

Ek nijsgjirrich: