Wolkom yn it doarp EASTERMAR!
Hjoed is 't .

Doarps- en ferieningsnijs:

Nijs/kopij trochjaan »
Information
Publisearre: 15 mei 2014 | Kategory: Dam Jaarsma
Burgum eksposysje ferhalen

Dam Jaarsma yn gemeentehûs Burgum

Freed 9 maaie hat boargemaster E.J. ter Keurs op it gemeentehûs de tentoanstelling iepene oer Dam Jaarsma. It wie net de earste útstalling oer Dam. Op in pear plakken yn Eastermar binne op dit stuit ek alderhanne saken te sjen dy’t Jaarsma sammele hat. 

Boargemaster referearre oan it eareboargerskip dat dizze man - dy’t 100 jier lyn berne waard yn Eastermar - mear as fertsjinne hat. Dam Jaarsma wie ien fan de trije grutte folksferhalesamlers yn Nederlân. Hy hat om-ende-by 17.000(!) ferhalen optekene. 

It bleau net by taspraken allinne. Yn de fitrines by de yngong fan it gemeentehûs binne nijsgjirrige foarwerpen te sjen sa as fleskes út fiere lannen, waaiers, boeken, tekstyl, oantekeningen en doktersark fan wûnderdokter Joast Wiersma en foto’s. 

Ferhaleferteller Mindert Wijnstra fertelde op syn hiel eigen wize in pear folksferhalen út de samling fan Jaarsma. Wa wit spile it ferhaal him wol ôf yn Eastermar of earne yn ’e wâlden dêr’t de duvel, ek wol koarthakke of hantsjepik neamd, besocht de boer en de keapman te pakken te nimmen…

Klik op de foto foar de hiele reportaazje

openingshandeling door de burgemeester

Ek nijsgjirrich:

Werom nei de foarige side

 

Reserveer de duofiets

lokaal loket duofietsSamen met uw maatje coronaveilig fietsen in de omgeving van Eastermar?

Klik hier voor alle info en voorwaarden.

Eastermar foar Elkoar

logo eastermar foar elkoar Met Eastermar foar Elkoar wil Lokaal Loket Eastermarders bij elkaar brengen. 
De ene kan soms wat hulp gebruiken, de ander kan die juist verlenen. Meer informatie.

 

Eastermar.nl is mei mooglik makke troch:

Justermar - in foto út ús argyf:

106.jpg

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!