Freed 9 maaie hat boargemaster E.J. ter Keurs op it gemeentehûs de tentoanstelling iepene oer Dam Jaarsma. It wie net de earste útstalling oer Dam. Op in pear plakken yn Eastermar binne op dit stuit ek alderhanne saken te sjen dy’t Jaarsma sammele hat. 

Boargemaster referearre oan it eareboargerskip dat dizze man - dy’t 100 jier lyn berne waard yn Eastermar - mear as fertsjinne hat. Dam Jaarsma wie ien fan de trije grutte folksferhalesamlers yn Nederlân. Hy hat om-ende-by 17.000(!) ferhalen optekene. 

It bleau net by taspraken allinne. Yn de fitrines by de yngong fan it gemeentehûs binne nijsgjirrige foarwerpen te sjen sa as fleskes út fiere lannen, waaiers, boeken, tekstyl, oantekeningen en doktersark fan wûnderdokter Joast Wiersma en foto’s. 

Ferhaleferteller Mindert Wijnstra fertelde op syn hiel eigen wize in pear folksferhalen út de samling fan Jaarsma. Wa wit spile it ferhaal him wol ôf yn Eastermar of earne yn ’e wâlden dêr’t de duvel, ek wol koarthakke of hantsjepik neamd, besocht de boer en de keapman te pakken te nimmen…

Klik op de foto foar de hiele reportaazje

openingshandeling door de burgemeester

Ek nijsgjirrich: