Thús » Verenigingen » St. Easterbarren

St. Easterbarren

Taekema-betonstaal

Wat wie it wer in prachtich barren, rûnom om ús hinne in protte wetter en by ús droech! Wat ha we mazzel hân. De wegen om Eastermar hinne stienen fol auto's. En fuort al by de iepening fan Die Twa in soad minsken, it Breed stie fol en letter by de oare poadiums wie der bytiden gjin trochkommen oan.

It wie allegear prachtich en wy wolle gjin artysten mei namme neame want dan dogge wy oare te koart. Ek de eksposysjes en de natuerhoeke wienen in sukses. En as je dan de reaksjes fan de minsken hearre, sá entûsjast, der wie foar eltsenien wol wat.

Wy wolle dan ek graach alle sponsors, frijwiligers, donateurs (donateursformulieren kinne noch hieltyd ynlevere wurde!) betankje foar har bydrage en ynset.  

Stifting Easterbarren

Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien.

ABA_6132

It waar topattraksje by edysje 2011

Wylst donkere loften, dikke buien, hagelstiennen en wynhoazen prachtich om Eastermar hinne lutsen, bleau it by it Easterbarren, op trije drippen rein nei, droech.
De alfde edysje wie ien fan bekende nammen en nijsgjirrige nijkommers. Fan bekend wurk en nije lûden. Fan muzyk, poëzy, skilder- en oare keunst, fan ynformaasje en ferdivedaasje.
Wat hat eltsenien wer genietsje kinnen fan it strjitfestival. En wat binne wy de organisaasje tankber dat dit alle jierren samar en fergees wer plakfine kin. De reaksjes op bygelyks Twitter binne tige optein oer it Easterbarren.

ABA_5857

Yn de UIT-bylage fan de Ljouwerter krante op tongersdei 25 augustus stiet in aardich stikje oer it Easterbarren mei in moaie foto der by. Goeie PR dus! Mar de oplettende lêzer hat al gau troch dat it de tekst fan de Easterbarren-edysje fan 2010 oanbelanget. De LC ferklearret dat de software yn 'e war west hat. Op 26 augustus sil ien en oar rektifisearre wurde. Twa kear omtinken foar it Easterbarren dus. Soks kin nea ferkeard wêze.

lc-easterbarren

11de Easterbarren, zaterdag 27 augustus                                          

I.v.m. het Easterbarren verzoeken wij u vriendelijk om de route van het festival autovrij te maken op
zaterdag 27 aug.  Graag vóór 10.00 uur 's morgens.
Het gaat hierbij om It Breed, de E.M.Beimastrjitte, de Teye Tolstrjitte en de gehele Komerk.
Alvast bedankt voor uw medewerking.

St. Easterbarren 

 logo_easterbarren

'Die Twa' opent elfde editie Easterbarren 
Op zaterdag 27 augustus aanstaande vindt alweer de elfde editie plaats van het Easterbarren. In en rond het centrum van Eastermar staat weer van alles te gebeuren op het gebied van zang, dans, cabaret en kunst. Gratis cultuur en amusement voor jong en oud!

Om 15.00 uur zal op het Breed in het centrum van Eastermar het succesvolle zangduo Krijn Dijkstra en Jacob Dijkstra, beter bekend als 'Die Twa' het Easterbarren officieel openen.

Easterbarren 2011

Vervolgens zal op 12 podia verspreid door het dorp het programma beginnen. Er zullen optredens zijn van Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Gerbrich van Dekken. Verder zijn er muzikale optredens van Lechery, Challenger, Dirty Cash en Xigatze.