Thús » Verenigingen » St. it East. Skûtsje » Skûtsjesjoernaal

Hoofdsponsor

Banner

Co Sponsors

Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner

Skûtsjesjoernaal

De doelstelling foar it seizoen 2011 – behâld fan it plak yn ‘e A-klasse – is helle mei in alfde plak yn ít einklassemint. Lykwols rûn de lêste wedstriid op ‘e Lemmer foar it doarpsskûtsje en de Eastermarder belangstellenden út op in teloarstelling. Nei in oanfarring mei ‘Wylde Wytse’ by it earste kear besilen fan ‘e boppeste tonne, besliste skipper Geale Tadema om it wedstriidwetter te ferlitten. Hy die dat om’t er in kapitale misrekkening makke hie. Dat de ploech de ôfrûne wike in tal emosjonele en materiële tsjinslaggen te ferwurkjen hân hat sil sûnder twifel meispile ha.

De Eastermarder supporters op dyk en pier fan ‘e Lemmer wienen fansels teloarsteld troch de gong fan saken en hopen noch op in passaazje fan ‘it doarp Eastermar’ by de oanwêzige fans lâns. Al dy Eastermarder skûtsjefreonen hienen dochs wol in groet as teken fan wurdearring ferwachte. No gie de hiele IFKS-silerij 2011 foar it doarp Eastermar út as de sprekwurdlike nachtkears…

De hanthavening yn ‘e A-klasse en in fjirde, seisde en twa kear in achtste plak yn ‘e wedstriidwike jouwe lykwols in goed perspektyf foar de wedstriden fan 2012.

ABA_5624-1

fotoreportage Albert Bakker

Hjoed hie it folchskip ‘De Gulden Belofte’ in tal sponsors oan board. It wie de jierlikse sponsordei fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje. Hja belibben in prachtige syldei en seagen in geweldige wedstriid fan ús doarpsskûtsje. It resultaat wie prima: in fjirde plak.

Ear’t t de wedstriid begûn wie der noch wol in heftich momint foar de taskôgers. Op koarte ôfstân fan it folchskip tearde in skûtsje út ‘e C-klasse om en rekke de bemanning te wetter. Ien fan dizze ûngelokkige drinkelingen krige yn ’t wetter in epileptyske oanfal en waard troch skipper Bertil Vermeulen rap oan board fan ‘De Gulden Belofte’ brocht. Dêr naam Freke Wink de soarchtaak oer. Nei rom oardel oere wie de pasjint wer aardich by syn sûp en stút en koe er selsstannich werom nei syn eigen folk.

Fuort nei de start fan ‘e wedstriid like it der earst op dat de Ea alhiel ôfdutsen waard troch fiif, seis oare skûtsjes en net frij sile koe. Dat pakte by de earste rûning fan ‘e boppeste tonne lykwols hiel oars út. Geale Tadema hie dêr wol in oanfarring mei de ‘Lonneke’, mar der waard gjin protest oanroppen. Doe’t dat trelit achter de rêch wie kaam ‘it doarp Eastermar’ as fjirde út de gribus.

Yn de de twadde en tredde rûte besochten ús jonges de foarlizzende ‘Jonge Jasper’ noch wol yn te heljen, mar dat woe net slagje. Yn ‘e lêste rûte gie ‘it doarp Eastermar’ dik fjouwer minuten earder oer de finish as de konkurrint fan eardere jierren, skipper Jelle Talsma mei ‘Jonge Jan’ (oftewol ‘De Poep’).

It resultaat fan dizze dei op ‘e Lemmer is dat allinnich Walter de Vries (‘Goede Verwachting’), Delmer Los (‘Grutte Pier’) en Sieb Meijer (‘Jonge Jasper’) foar Geale en syn bemanning oer de einstreek gienen. Yn it algemien klassemint klom ‘it doarp Eastermar’ trije plakken en stiet no njoggende. Is it linker rychje noch te besilen? Dat wurdt moarn – ek wer op ‘e Lemmer – fansels mei it bysetten fan alle seilen besocht.

Klik hier voor de fotoreportage van Klaas Jansma

Utslach hjirre.

Prachtige bylden op Omrop Fryslân televyzje fan û.o. de Ea.

oanfarring-mei-st
logo_IFKS

 Utslach hjirre       
IMG_0024logo_IFKSIMG_0030

foto's Klaas Jansma




Hjoed wie de silerij op 'e Sleattemer Mar. Mei in 6e plakje juster yn Heech hopen wy allegearre wer op sa'n goeie útslach. Sa as meastal wie it folchskip wer ôfladen mei fanatike fans. De skipper hie ús wer op in prachtich plakje trakteard, no ja, oant se mei de tonnen begongen te slepen...
Nei de earste en ek noch in twadde falske start waard de swarte flagge hise: wa't dan wer te betiid start moat werom. De tredde start wie goed en de 'Ea' sette mei de 'Jonge Jasper' fan Sieb Meijer oer stjoerboard ôf en dat like samar in hiel goeie slach te wêzen: se soene op bakboard by de tonne komme en bak- giet foar stjoerboard mar spitich, de oare skippen hiene de wyn krekt wat better. As 10e om 'e tonne, mar mei de 'op-en-del baan' wie alles noch mooglik. Spitigernôch pakte it net al te bêst út foar ús favorite skûtsje, wy koene net rjocht út 'e achterein fuort komme. Nei de finish siet der net mear yn as in 13e plakje.

Groetnis fan ús allegearre op de 'Gulden Belofte',
Ineke Nijhuis

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Albert Bakker

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Klaas Jansma
logo_IFKS

It resultaat op de tredde dei fan it IFKS-skûtsjesilen op de Hegemer Mar wie fantastysk! Yn ien klap wie de ûngeloksdei fan 15 augustus op de Iselmar by Starum fergetten. It Eastermarder skûtsje einige op it seisde plak. Yn it totale klassemint stiet ‘it doarp Eastermar’ op dit stuit op it 11e plak en dat smakket nei mear en heger.
Henk Regts waard mei it Wâldseinder skûtsje ‘Ut en thús’ winner, skipper Tony Brundel mei it Gastmerder skûtsje de ‘Lytse Lies’ dat moandei swiere skea oprûn by in oanfarring, wie twad. En tred waard Kees Jonker út Wâldsein mei de ‘Driuwpolle’.

It kapotte ûnderdiel wie ferfongen, de blessueres fan Douwe Tadema foelen ta, him wie oanret om it in dei tuike oan te dwaan, mar it bloed krûpt dêr’t it net gean kin: op in rêstich plakje siet er dochs oan board. En oft it dêrtroch kaam, troch it tûke farren fan de bemanning of troch de oanwizings fan ‘e meifarrende Douwe (Grou) Visser, it skûtsje hie de geut. De rûte yn Heech wie as 'op-en-del-baan' mei in gate (poarte) útset, wêrby’t de skippers sels kieze kinne hokker fan ‘e twa leechste tonnen’t hja nimme sille. Foar taskôgers in spannend skouspul en ek foar de skûtsjes in echte sylwedstriid. En wát in spanning. It skûtsje fan Delmer Los sloech healwei de wedstriid om en moast de striid opjaan, it
skrikbyld fan elke skûtsjeskipper! Al mei al in plusdei foar ‘it doarp Eastermar’.

IMG_0005logo_IFKS
IMG_0007
foto's Klaas Jansma

 

De silerij by Starum hie foar ús doarpsskûtsje in tige ûnferwacht ferrin. Yn ‘e tredde rûte – doe’t ‘it doarp Eastermar’ op in 12e plak sylde – knapte de ferbining tusken foarstaach en mêsttop! Gefolch wie dat net allinnich de fok nei ûnderen kaam mar ek de gyk in stik nei ûnderen knikte. Douwe Tadema siet dêr krekt ûnder en hy krige in ôfgryslike dreun tsjin nekke en rêch. Skipper Geale Tadema sette daliks de giele flagge (= fraach om medyske bystân) yn ’t want, liet it grutseil sakje en gie út de wedstriid.

Freke Wink, ek oan board fan ’t folchskip, fear mei kapitein Bertil Vermeulen fuort nei it Eastermarder skûtsje om har medyske kennis yn praktyk te bringen en hja ferliende de earste help.

Foar alle wissichheid waard in ambulânse warskôge en nei de jachthaven fan Starum dirigeard. De ambulânsehelpers ha Douwe yn stabilisearre tastân fan ’t folchskip helle en nei Snits brocht. Dêr is nochris ekstra goed sjoen nei syn kwetsueren en de lêste berjochten binne dat Douwe fan dizze klap nei alle gedachten gjin bliuwend letsel oerhâldt. Sa’t it no liket is hy der woansdei wer by! 
Ek op de side fan de IFKS wurdt ferslach dien fan de silerij by Starum.

Douwe Tadema
Douwe Tadema (r) oan it wurk 

Klik hier voor de fotoreportage van Klaas Jansma

De earste IFKS-wedstriid by Hylpen hie foar ‘it doarp Eastermar’ in achtste plak yn ‘e A-klasse as resultaat. Fan ‘e 16 dielnimmende skûtsjes einige ús skûtsje dus yn ‘e boppeste helte, ofwol ‘it linker rychje’. In klassearring dy’t moed jout foar de wedstriden fan kommende wike.

Nei’t de earste start ôfblaasd waard fanwege in gaotysk massaal te betiid passearen fan ‘e startline troch in grut tal skûtsjes, hong de wedstriidlieding de ‘rottesturt’ út (= útstel fan ‘e start foar ûnbepaalde tiid). De twadde start wie goed. Fuort dêrnei brocht skipper Geale Tadema mei syn bemanning it skip op in achtste plak by de boppeste tonne. Radioferslachjouwer Klaas Jansma miende dat ‘it doarp Eastermar’ yn dy earste rûte ien fan ‘e tonnen rekke, dat wie grutte ûnsin, mar foar de wissichheid rôp skipper Geale Tadema de help yn fan Jelle Talsma (skipper fan ‘e Poep/Jonge Jan) om as tsjûge fan syn krekte reglemintêre farren op te treden. De twadde trochkomst lâns de boppeste tonne koe sadwaande sûnder mankearen útfierd wurde en ek noch op in sânde plak.

Achterôf die bliken dat dit de bêste trochkomst fan dizze silerij wie, want ús doarpsskûtsje bleau moai yn ‘e midden fan it dielnimmersfjild.

By de finish wie der by de bemanning wat betizing oer de einklassearring - 8e of dochs 9e - mar op de dyk by Hylpen en op it folchskip ‘De Gulden Belofte’ wie dúdlik te sjen dat Geale it skûtsje nei in achtste plak syld hie. In resultaat dat troch alle oanwêzige Eastermarders mei jûchhei-gerop en hantsjeklappen beleanne waard. Sa’n resultaat fertsjinnet namste mear wurdearring omdat de bemanning deryn slagge is om renommearre silers (skûtsjes) lykas Michiel Kalsbeek (Raerder Roek), Tony Brundel (Lytse Lies) en Henk Regts (Ut en Thús) achter har te litten. Optimisten oan board fan ‘De Gulden Belofte’ rôpen al dat dit achtste plak grif brûkt wurde kin om as ‘minste wedstriid’ fan it einresultaat ôf te lûken…

Snein (14/8) wurdt der net syld en kin de bemanning mei oanhang bekomme fan ‘e (yn)spanningen. Fanwege de minne waarsferwachting miskien yn ‘e foarm fan in piamadei yn ‘Rêstoarde De Gulden Belofte’?

De folgjende wedstriid is moandei by Starum op ‘e Iselmar, start om 14.10 oere.

Sjoch hjir foar de útslach fan it skûtsjesilen by Hylpen.

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Albert Bakker

Klik hier voor de fotoreportage van Klaas Jansma vanaf het volgschip de Gulden Belofte
logo_IFKS

Skûtsjesilen IFKS 2011

Einstân is hjir te sjen.
skutsjesile2augustus2008logo_IFKS