Jo binne hjir: Thús Verenigingen St. it Eastermarder Skûtsje Nijs fan de Stifting
 
Stifting-IES
Bestjoerswiksel by de Stifting It Eastermarder Skûtsje
zondag, 28 februari 2010 16:21

Okkerdeis hat Taeke Offringa ôfskied naam as bestjoerslid fan St. It Eastermarder Skûtsje. Taeke hat sûnt de oprjochting fan de Stifting lid fan it bestjoer west mar no hat er oanjûn net genôch tiid mear te hawwen om syn bestjoerstaken foar de folle 100% út te fieren. It muoit him tige dat er konkludearje moast dat it better wie om op te hâlden. Hy hat tasein om yn de takomst it dwaan en litten fan de Stifting op de achtergrûn te folgjen.

De oare bestjoersleden koene net oars as begryp toane foar de sitewaasje en moasten omsjen nei in nije kandidaat. Dy is fûn yn de persoan fan Heymen Jansen. Heymen is by in grut tal Eastermarders bekend as de man dy't mei Ada Roelants delstrutsen is op 'e ein fan 'e Beimastrjitte yn it pân fan Hotel/Theater Meerzigt. Heymen is ek al aktyf yn de aktiviteitekommisje fan Stichting Skûtsjesilen yn 'e Wâlden en is dêrom in poerbêste kar.
Boppedat is Heymen opgroeid yn de tradysje fan de fiskerij op de Sudersee. In tradysje dy't grutte oerienkomsten hat mei de tradysje fan it skûtsjesilen. By it skûtsjesilen giet it fral om it heljen fan in goed resultaat yn de wedstriden, mar fierder spylje deselde gebrûken, âlde skippen en ambachten in grutte rol, neffens Heymen.

Heymen Jansen
Heymen Jansen

 
Donateursjûn Ea mei in protte kado's
maandag, 23 november 2009 19:52

Op de donateursjûn fan St. it Eastermarder skûtsje wie op freed 20 novimber in protte om kado te jaan.

Sa wie dêr de 250-ste donateur, dy 't út hannen fan foarsitter Wijbe Postma in poloshirt en in flesse skûtsjewyn yn ûntfangst nimme koe. Andries Teyema hie him oanmeld by it Easterbarren en by it optellen fan it tal donateurs die bliken dat hy de 250-ste stiper fan de stichting wie. De donateursjûn wie fansels in moaie gelegenheid om dizze man even yn it sintsje te setten.

Yn trije jier 250 donateurs

Yn trije jier nei mar leafst 250 donateurs

Mar der wie ek it ôfskied fan twa bemanningsleden: Oebele Brouwer en Haije Veenstra. Beide krigen in kombinaasje fan moaie wurden en in foto fan it skûtsje mei fan skipper Geale Tadema.

Sprekker Anne Tjerkstra hie ek in protte om út te dielen. Prachtige ferhalen út de âlde tiid. Tjerkstra, sels berne op in skûtsje, koe omraak fertelle oer de bjusterbaarlike mominten út syn libben. Net allinne as skûtsjeskipper mar ek as alvestêdetochtrider. Fansels wie der nei ôfrin in flesse bearenburch foar Tjerkstra mar dy sil Tjerkstra nei alle gedachten net fuortendaliks wer fuortjaan.

Mar ien fan de hichtepunten wie dat dêr ynienen Koos de Vreeze, IFKS-skipper fan de 'Ut en Thús' fan Snits, foar it selskip yn Meerzigt stie, mei in grutte grize jiske-amerpûde ûnder de earm. En of Geale Tadema mar even nei foaren komme koe. Want de Vreeze hie wat om fuort te jaan. En nei in koarte ynlieding oer it hoe en wêrom mocht Geale Tadema de pûde iepenmeitsje. Der kaam in troch Koos de Vreeze selsmakke klik te foarskyn. En yndie, dy ûntbriek der noch altyd op it skûtsje.

En wat is no wer in klik? In klik, oftewol in roerklik, is in stikje 'scheepssier', yn dit gefal in stikje houtsnijwurk dat boppe-op it roer komt. Dit soarte fan byldhouwurk wurdt fakentiids troch keunstners makke, lykas Floor fan der Leun fan Warkum. Mar as amateurkeunstner docht De Vreeze net ûnder foar de profs en hy hie der in prachtich stikje wurk fan makke. Gelokkich hie foarsitter Wijbe Postma nei dit foarfal noch in flesse skûtsjewyn oer... om fuort te jaan.

Koos de Vreeze hat in roerklik foar it Eastermarder skûtsje makke
Koos de Vreeze (rjochts) hie as ferrassing in klik makke foar 'it doarp Eastermar'.

En wat krekt foar de donateursjûn net slagge is no wol ynoarder (mei tank oan DRS): de ljochtsjes op it skûtsje baarne wer! En dat is alle jûnen wer in moai kadootjse foar Eastermar.

 
Skûtsjewynaksje 2009
woensdag, 28 oktober 2009 21:27
skûtsjewyn"Wegens enorm succes geprolongeerd", dat kinne wy sizze fan 'e ferkeap-aksje fan de hearlike skûtsjewyn dy't  wy ferline jier desimber hâlden. Der is lykwols wol wat ferskil mei de aksje fan 2008: wy begjinne wat earder.
It doel is om mids novimber mei de ynventarisaasjelisten bylâns te kommen. As wy witte hoefolle wyn 't der besteld is, dan wolle wy begjin desimber de flessen útsutelje. It kin dus foar leafhawwers dan ek as Sinteklazekadootsje jilde.
It oanbod bliuwt gelyk oan dat fan ferline jier: trije soarten wyn, read, wyt en rosee. De priis bliuwt ek itselde: € 7,50 de flesse en in doaze mei 6 flessen (fan elke soart in pear kin ek) foar € 40,-.
Om 't wy by de earste aksje hearden dat de keapers wakker tefreden wienen oer kwaliteit en smaak fan 'e skûtsjewyn en … wy hartstikkene wiis wienen mei de opbringst, tochten wy dat it dit jier mar wer wêze moast.

Ut namme fan it stiftingsbestjoer 'It Eastermarder Skûtsje”,
Wijbe Postma, foarsitter
 
Anne Tjerkstra sprekker op donateursjûn Ea
woensdag, 21 oktober 2009 09:12

De grutste fans hiene it fansels al yn harren bûsboekje stean; freed 20 novimber sil der wer in gesellige jûn hâlden wurde foar de donateurs fan St. it Eastermarder skûtsje. Lyk as alle jierren is de lokaasje it fertroude Meerzigt.

Meikoarten sil nei alle donateurs in digitale nijsbrief ferstjoerd wurde. Yn dizze nijsbrief sil it bomfolle programma fan dizze jûn fermeld wurde. Mar ien ding kin no al ferklappe wurde! Dit jier hat it bestjoer Anne Tjerkstra ree fûn om as sprekker ús te fermeitsjen mei, nei alle gedachten, hiele aardige ferhalen út de skûtsjewrâld.
Anne Tjerkstra hat jierren skipper west yn de SKS, de lêste jierren foar Langwar. Yn 2008 is hy ophâlden as skûtsjeskipper en hat in mear advisearjende funksje. Mear ynfo yn de kommende nijsbrief.

Wynaksje
Meikoarten ek mear nijs oer de wynaksje fan st. it Eastermarder skûtsje. Foarich jier hat dit in grut sukses west en koe in part fan de nije mêst mei de opbringst betelle wurde. Dit jier kin Eastermar dus wer oan de skûtsjewyn!

Anne TjerkstraAnne Tjerkstra (boarne: www.leeuwardercourant.nl)

 
Maitiidsedysje nijsbrief St. it Eastermarder Skûtsje
donderdag, 14 mei 2009 09:41
maaie2009-thumbDe maitiidsedysje fan de nijsbrief fan St. it Eastermarder Skûtsje is op 14 maaie ferstjoerd oan alle donateurs.
Binne jo wol donateur mar hawwe jo gjin nijsbrief krigen, sjoch dan earst even yn 'e spamboks fan jo e-mailprogramma. Is er dêr ek net te finen, meld dit even op Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien. . Dan sjogge wy even wat der mis gien is.

De nijsbrief stiet fol aardige ynformaasje oer it Eastermarder skûtsje, de jieraginda, de moaiste plakjes om de wedstriden te besjen, ynterviews en foto's fansels.

Nije donateurs binne tige wolkom en krije fansels ek dizze nijsbrief yn de mailboks.
 


Sponsors fan St. it Eastermarder skûtsje

Hoofdsponsor:


Bouwbedrijf Swart


Co-sponsors:


Brouwer & Brouwer Grondverzet
Hypotheekshop Drachten

Drachten
Burgum
Hotel Meerzigt Eastermar
Rabobank Bergum-Oostermeer

taekema-betonstaal.gif


promatters.gif

Hawie
Metaaltoeleveringsbedrijf B.V.

Landgoed Glinstra State
baarsma-200.gif
wadro


Sponsors:


Compaan
Sonac Burgum

Studio Staalkaart ontwerpstudio; print, web, foto- en videografie

bosgra180.gif

palstra-veerman.jpg

noppert180px.gif

logo_ellens.jpg


herbergh de parel

 

Nicolaï Montage

Lahuis Eastermar

DRS Installatietechniek

WSB de Lits


Ondernemersvereniging Eastermar
Ondernemers Vereniging Eastermar

Gerealiseerd door Studio Staalkaart