Thús » Verenigingen » St. it East. Skûtsje

Hoofdsponsor

Banner

Co Sponsors

Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner

Stifting-IES

Foar de krystdagen hawwe de ferkeapers fan de skûtsjewyn wer by de doarren fan de Eastermarders del west.  En mei in geweldich resultaat: mear as 1800 flessen binne ferkocht en dêrmei kaam in stipe fan omtrint € 5000,- foar ús prachtige skûtsje op it kleed. Mei sa'n soad wyn komme de Eastermarders de winter wol troch, al sille de wite wyn en de rosee wol bewarre wurde foar de  simmer. De kenners sizze: de wyn is treflik fan kwaliteit.
It jild sil yn goed oerlis mei de eigners meikoarten bestege wurde oan it ferbetterjen fan it skip. Bygelyks in oare fok of wat oars: dat is op dit stuit noch net folslein bekend.  As bestjoer wolle wy alle ferkeapers en mei namme ek alle keapers tige tank sizze foar de stipe.

wynetiket-ea

It sil jimme opfallen wêze: de ferljochting fan it skûtsje docht it net. Allinnich it Ea-teken ljochtet op, mar foar de rest is it tsjuster. Wy hienen de hope dat der mei in ljochtslang ynstee fan de âlderwetske pitten minder kâns op koartsluting wêze soe. Mar spitigernôch is de slang op twa punten stikken gien of sels trochbaarnd. Mei DRS sille wy sjen oft wy it euvel ferhelpe kinne, sadat it skûtsje sa gau mooglik wer yn de pronk komt.

It bestjoer fan de Stifting 'It Eastermarder Skûtsje'

skutsje-mei-ljochtsjes

Alle jierren is der in protte belangstelling foar de donateursjûn en alle kearen is it wer spannend: passe wy noch yn Meerzigt of moat der socht wurde nei in gruttere lokaasje. Net dat de stifting dat fan doel is want in donateursjûn en Meerzigt hearre no ien kear byinoar. Dit jier koe it ek mar wer krekt en siet of stie eltsenien deun opinoar om mar neat te missen fan it wolkomstpraatsje fan de foarsitter, it omsjen nei it skûtsjeseizoen troch skipper Geale Tadema en fansels de moaie skûtsjeferhalen fan skriuwer Hylke Speerstra. Speerstra brocht mei in protte humor moaie sfearbylden fan de skûtsjesilerij fan eartiids en ek Sinterklaas kaam yn syn ferhalen noch even del.

Earegast wie Sjirk v.d. Meer, de hast 92-jierrige âld-beropssskûtsjeskipper - de lêste der Mohikanen - fan de Snakkerbuorren. Van der Meer ferraste it publyk troch Geale Tadema mei krityske fragen te bestoken, dy 't de skipper gelokkich prima parearje koe.
Gaatse de Vries hat dit jier ôfskied nommen as bemanningslid en hy waard troch de skipper út namme fan de bemanning bedankt yn de foarm fan in moai oantinken.
De stifting kin weromsjen op in hiel gesellige jûn dy't ôfsluten waard mei de tradisjonele ferlotting. It bestjoer stiet no foar de grutte taak om wer sa'n boeiende sprekker te finen foar it oare jier.  Mar earst giet fansels alle omtinken nei de kommende wynaksje.

Foto's: Rob Krimpenfort

Ofkskied Gaatse de Vries

Folle bak

Hylke Speerstra

 

Sagau't Sinteklaas yn it lân is wurde de bemannings- en bestjoersleden fan it Eastermarder skûtsje aktyf mei de wynaksje. In tradysje dy't by de measte Eastermarders wol bekend wêze sil, want it is al foar de fyfde kear. Yn de wike nei Sinteklaas komt men by de streek om de bestelling op te nimmen en in skoftsje letter of fuort dêrnei wurdt de wyn by jo thús besoarge. Oan de prizen is neat feroare: de wyn kostet € 7,50 de flesse - read, wyt of rosee - en in doaske fan seis flessen (mei eventueel twa fan elke soart of in oare kombinaasje) kostet € 40,--.

Omdat deselde wyn fan ferline jier net mear te leverjen wie, stie de stifting  foar de drege opjefte om in oare leveransier mei oare selekte wyn te finen. Gelokkich sitte yn it bestjoer in tal wynkenners en waard der in serieuze priuwerij opset om ta in geskikte kar te kommen. Op professionele wize hawwe dizze 'finologen' de saak oanpakt. De wyn is op kleur, rook, smaak en ôfdronk test. De wyn út de kelders fan it wynhûs Ropiteau, levere troch La Cuvee út Burgum, kaam der as bêste út.

De wynaksjeopbringst is fansels bedoeld foar it Eastermarder skûtsje. Der is benammen ferlet fan in hurde-wyn-fok dus it soe prachtich wêze as de opbringst fan de wyn aansen fertuten dwaan sil by hurde wyn.

Dus minsken, slach in goeie rie net yn 'e wyn
en bestel in flesse of in doaze skûtsjewyn!

Wiene jo net thús of kamen wy net by jo del,
mail dan jo bestelling nei Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien. .

eastermarder skûtsjewyn 2011

thumb-okt2011De hjerstedysje fan de nijsbrief foar de donateurs fan St. it Eastermarder skûtsje is de doar út.

Hawwe jo gjin nijsbrief yn jo mailboks krigen, meld dit dan even oan Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien. .

Yn de nijsbrief stiet ek alle ynformaasje oer de donateursjûn op 25 novimber yn Meerzigt. Gastsprekker is dan Hylke Speerstra.

De doelstelling foar it seizoen 2011 – behâld fan it plak yn ‘e A-klasse – is helle mei in alfde plak yn ít einklassemint. Lykwols rûn de lêste wedstriid op ‘e Lemmer foar it doarpsskûtsje en de Eastermarder belangstellenden út op in teloarstelling. Nei in oanfarring mei ‘Wylde Wytse’ by it earste kear besilen fan ‘e boppeste tonne, besliste skipper Geale Tadema om it wedstriidwetter te ferlitten. Hy die dat om’t er in kapitale misrekkening makke hie. Dat de ploech de ôfrûne wike in tal emosjonele en materiële tsjinslaggen te ferwurkjen hân hat sil sûnder twifel meispile ha.

De Eastermarder supporters op dyk en pier fan ‘e Lemmer wienen fansels teloarsteld troch de gong fan saken en hopen noch op in passaazje fan ‘it doarp Eastermar’ by de oanwêzige fans lâns. Al dy Eastermarder skûtsjefreonen hienen dochs wol in groet as teken fan wurdearring ferwachte. No gie de hiele IFKS-silerij 2011 foar it doarp Eastermar út as de sprekwurdlike nachtkears…

De hanthavening yn ‘e A-klasse en in fjirde, seisde en twa kear in achtste plak yn ‘e wedstriidwike jouwe lykwols in goed perspektyf foar de wedstriden fan 2012.

ABA_5624-1

fotoreportage Albert Bakker

Hjoed hie it folchskip ‘De Gulden Belofte’ in tal sponsors oan board. It wie de jierlikse sponsordei fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje. Hja belibben in prachtige syldei en seagen in geweldige wedstriid fan ús doarpsskûtsje. It resultaat wie prima: in fjirde plak.

Ear’t t de wedstriid begûn wie der noch wol in heftich momint foar de taskôgers. Op koarte ôfstân fan it folchskip tearde in skûtsje út ‘e C-klasse om en rekke de bemanning te wetter. Ien fan dizze ûngelokkige drinkelingen krige yn ’t wetter in epileptyske oanfal en waard troch skipper Bertil Vermeulen rap oan board fan ‘De Gulden Belofte’ brocht. Dêr naam Freke Wink de soarchtaak oer. Nei rom oardel oere wie de pasjint wer aardich by syn sûp en stút en koe er selsstannich werom nei syn eigen folk.

Fuort nei de start fan ‘e wedstriid like it der earst op dat de Ea alhiel ôfdutsen waard troch fiif, seis oare skûtsjes en net frij sile koe. Dat pakte by de earste rûning fan ‘e boppeste tonne lykwols hiel oars út. Geale Tadema hie dêr wol in oanfarring mei de ‘Lonneke’, mar der waard gjin protest oanroppen. Doe’t dat trelit achter de rêch wie kaam ‘it doarp Eastermar’ as fjirde út de gribus.

Yn de de twadde en tredde rûte besochten ús jonges de foarlizzende ‘Jonge Jasper’ noch wol yn te heljen, mar dat woe net slagje. Yn ‘e lêste rûte gie ‘it doarp Eastermar’ dik fjouwer minuten earder oer de finish as de konkurrint fan eardere jierren, skipper Jelle Talsma mei ‘Jonge Jan’ (oftewol ‘De Poep’).

It resultaat fan dizze dei op ‘e Lemmer is dat allinnich Walter de Vries (‘Goede Verwachting’), Delmer Los (‘Grutte Pier’) en Sieb Meijer (‘Jonge Jasper’) foar Geale en syn bemanning oer de einstreek gienen. Yn it algemien klassemint klom ‘it doarp Eastermar’ trije plakken en stiet no njoggende. Is it linker rychje noch te besilen? Dat wurdt moarn – ek wer op ‘e Lemmer – fansels mei it bysetten fan alle seilen besocht.

Klik hier voor de fotoreportage van Klaas Jansma

Utslach hjirre.

Prachtige bylden op Omrop Fryslân televyzje fan û.o. de Ea.

oanfarring-mei-st
logo_IFKS

 Utslach hjirre       
IMG_0024logo_IFKSIMG_0030

foto's Klaas Jansma




Hjoed wie de silerij op 'e Sleattemer Mar. Mei in 6e plakje juster yn Heech hopen wy allegearre wer op sa'n goeie útslach. Sa as meastal wie it folchskip wer ôfladen mei fanatike fans. De skipper hie ús wer op in prachtich plakje trakteard, no ja, oant se mei de tonnen begongen te slepen...
Nei de earste en ek noch in twadde falske start waard de swarte flagge hise: wa't dan wer te betiid start moat werom. De tredde start wie goed en de 'Ea' sette mei de 'Jonge Jasper' fan Sieb Meijer oer stjoerboard ôf en dat like samar in hiel goeie slach te wêzen: se soene op bakboard by de tonne komme en bak- giet foar stjoerboard mar spitich, de oare skippen hiene de wyn krekt wat better. As 10e om 'e tonne, mar mei de 'op-en-del baan' wie alles noch mooglik. Spitigernôch pakte it net al te bêst út foar ús favorite skûtsje, wy koene net rjocht út 'e achterein fuort komme. Nei de finish siet der net mear yn as in 13e plakje.

Groetnis fan ús allegearre op de 'Gulden Belofte',
Ineke Nijhuis

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Albert Bakker

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Klaas Jansma
logo_IFKS

It resultaat op de tredde dei fan it IFKS-skûtsjesilen op de Hegemer Mar wie fantastysk! Yn ien klap wie de ûngeloksdei fan 15 augustus op de Iselmar by Starum fergetten. It Eastermarder skûtsje einige op it seisde plak. Yn it totale klassemint stiet ‘it doarp Eastermar’ op dit stuit op it 11e plak en dat smakket nei mear en heger.
Henk Regts waard mei it Wâldseinder skûtsje ‘Ut en thús’ winner, skipper Tony Brundel mei it Gastmerder skûtsje de ‘Lytse Lies’ dat moandei swiere skea oprûn by in oanfarring, wie twad. En tred waard Kees Jonker út Wâldsein mei de ‘Driuwpolle’.

It kapotte ûnderdiel wie ferfongen, de blessueres fan Douwe Tadema foelen ta, him wie oanret om it in dei tuike oan te dwaan, mar it bloed krûpt dêr’t it net gean kin: op in rêstich plakje siet er dochs oan board. En oft it dêrtroch kaam, troch it tûke farren fan de bemanning of troch de oanwizings fan ‘e meifarrende Douwe (Grou) Visser, it skûtsje hie de geut. De rûte yn Heech wie as 'op-en-del-baan' mei in gate (poarte) útset, wêrby’t de skippers sels kieze kinne hokker fan ‘e twa leechste tonnen’t hja nimme sille. Foar taskôgers in spannend skouspul en ek foar de skûtsjes in echte sylwedstriid. En wát in spanning. It skûtsje fan Delmer Los sloech healwei de wedstriid om en moast de striid opjaan, it
skrikbyld fan elke skûtsjeskipper! Al mei al in plusdei foar ‘it doarp Eastermar’.

IMG_0005logo_IFKS
IMG_0007
foto's Klaas Jansma