|
dinsdag, 23 februari 2010 00:00 |
|
Al krapoan 100 jier bestiet yn Eastermar de Feriening foar Doarpsbelangen, oprjochte op 15 maart 1915, doedestiids ûnder de namme ‘Vereniging Plaatselijk Belang'. De doelstelling wie koart en dúdlik: 1.De vereniging heeft ten doel de leefbaarheid van het dorp Oostermeer te bevorderen. 2. Zij tracht dit doel te bereiken door alle geoorloofde middelen. De doelstelling is yn feite noch krekt sa, mar kin net mear ta mei sa’n koarte omskriuwing. De tiden binne feroare en geandewei komme der mear saken op it bestjoer ôf. Doelstellings wurde fêstlein yn beliedstikken sa as: wennigboubelied, ferkearsbelied en it belied rekreaasje. In wichtich beliedstik foar de kommende tsien jier is de doarpsfisy 'In nije tiid, in nije wize fan sjen', makke en fêststeld yn 2009. By de ferskate ûnderdielen út it beliedsplan wurdt sa mooglik oansluting socht by it gemeentlik belied om dêrmei de kâns op realisearring fan bepaalde projekten te fergrutsjen. |
|
|
Lees meer...
|