Thús » St. It Eastermarder Skûtsje

Stifting-IES

It ôfrûne himelfeartswykein hat ‘it  doarp Eastermar’ meisyld op ‘e Lemmer. Dizze wedstriden, bekend ûnder de namme ‘Lemmer Ahoy’, wurde jierliks op Himelfeart en de freed en saterdei dêrnei hâlden. It giet om fiif wedstriden: twa op tongersdei, twa op freed en ien op saterdei. 

2012-05-18-168

Foto: Rob Krimpenfort

 

Op Keninginnedei hat ús Eastermarder Skûtsje meidien oan de skûtsje-wedstriden by  Earnewâld. Nettsjinsteande in hieltiid tanimmende wyn mei grut sukses. Nei in start dy't net min mar ek net super wie, skode Geale mei syn bemanning mear en mear nei foaren. Wol efter Jelle Talsma fan Warten, de grutte winner fier foar de oaren út en  earst ek noch efter de Jonge Rein, mar fan de twadde omloop ôf op in poerbêst twadde plak. Dat bleau ek sa: oan de finish ta foar it sulver. En dêrmei hâlden de Eastermarders ek de SKS-skûtsjes fan Earnewâld, Boalsert, Drachten en Huzum efter har. In grutte prestaasje.
Heal maaie noch de Lemmer Ahoy-silerij op de Lemmer en dan op 23 juny op de Burgumer Mar.  Wy binne benijd.
It Stiftingsbestjoer
skutsjesile

Foar donateurs en sponsors is de maaie-edysje fan de healjierlikse nijsbrief de doar út. Wa't wol donateur is mar gjin nijsbrief yn de mailboks krigen hat, kin even 'lûd jaan' fia Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien. . Dan soargje wy dat de nijsbrief ferstjoerd wurdt en kontrolearje dan tagelykit mailadres mei it adres yn ús database.

Yn dizze nijsbrief omtinken foar it lustrum fan de stifting. Fanwege it fiifjierrich bestean wol de stifting in fergese rûnfeart mei Salonboot Gaasterland oanbiede by de moarnswedstriid fan Skûtsjesilen yn 'e Wâlden op 23 juny. Opjaan kin hjir.

Binne jo noch gjin donateur dan is dit in poerbêst momint, want jo kinne dan fuortendaliks meiprofitearje fan dit stiftingskado oan de donateurs! Oanmelde as donateur kin hjir. Jo binne al donateur foar € 15,- it jier. Foar de donateurs wurde ferskate skûtsje-aktiviteiten organisearre.

Nijsbrief-sies-maaie2012

 

De earste skûtsjesilerij fan 2012 by Langwar hat ús doarpsskûtsje in goede seizoenstart brocht. Nei trije wedstriden einige skipper Geale Tadema mei syn bemanning yn in fjild fan totaal 40 IFKS-skûtsjes (alle klassen meirekkene) by de top-5 yn it einklassemint. By dy klassearring lieten de Eastermarders fiif oare A-klassers efter har. In resultaat dat moed jout foar it fierdere seizoen.

By de earste wedstriid op saterdeitemoarn starte 'it doarp Eastermar' net sa geweldich. It skip kaam as 20e om 'e earste boppeste tonne. It lichte waar fan dat momint makke der eins wat in gelokssilerij fan, mar dochs kaam ús bemanning as njoggende oer de finish.

De middeis stie der wat mear wyn en wie de start mei in twadde plakje ek better. Om't Geale Tadema kuorbalferplichtings hie, stie broer Douwe oan 't helmhout. Hy sylde it skûtsje yn dizze race nei in earste plak!

Dizze beide resultaten (njoggende en earste plak) makken dat 'it doarp Eastermar' sneintemiddei yn 'e 'grutte' finale meisile mocht. Yn dy wedstriid die de boppeste helte fan 'e ranglist fan saterdei mei. Dêr sieten ek in stik as acht oare IFKS-A-klassers by. Der stie dy middei ek mear wyn en dat makke de silerij allinnich mar oantrekliker. Us doarpsskûtsje kaam nei de start as 4e om 'e boppeste tonne en hat dat plak yn 'e wedstriid net mear ôfstien. Der waard troch de bemanning sa skerp syld dat it efkes like as soene hja omslaan, mar it betearde allegearre goed, gelokkich...

Geale en syn ploech moasten Henk Regts, Tony Brundel en it skûtsje fan Syb Meijer (dat no bestjoerd wurdt troch syn dochter) foargean litte. De ferwachting is dat op de ranglist fan dizze Langwarder silerij in fjirde plak foar ús 'jonges' noteard wurde kin.

Link nei de webside fan it skûtsjesilen yn Langwar

Skûtsjesilen op Langwar

Dit jier bestiet Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' fiif jier. Yn de kommende BREEDút sil der it ien en oar oer te lêzen wêze.

18 April stie fiif jier lyn op de oprjochtingsakte. Dêrom sil oankommmende woansdei, 18 april, tusken 9.00 en 11.00 oere it Omrop Fryslânprogramma 'Muzyk yn Bedriuw' yn it teken stean fan de muzyklist dy’t it stiftingsbestjoer gearstald hat. Ek sil de foarsitter yn dy útstjoering (om sawat  9.45 oere) dit earste lustrum yn in fraachpetearke mei de presintator taljochtsje.

logo-skutsje