Thús » Skiednis

Historie

Gâns minsken kenne de namme Bernardus Nieuwenhuis (1912-2001). Hy kaam fan De Rottefalle dêr't er ek meispile hat yn Polyphonia, mar hy hat lang wenne oan de Folgersterloane, tichteby de Wytse Peetswei. Wat de sport en it toaniel oanbelanget, wie er oriïntearre op De Kompenije. Bernardus Nieuwenhuis, ek wol bekend as 'Nakke', is fral bekend as fertsjinstlik skilder, dy't hiel wat fan De Rottefalle en fan de buordoarpen op it doek fêstlein hat. Ein tachtiger jierren hat der sels yn De Rottefalle en yn 1994 yn Drachtster Kompenije in tentoanstelling west fan syn wurk.

No is der yn Drachtster Kompenije sûnt koart in histoaryske kommisje. Yn dat fermidden is it idee ûntstien om yn 2012 omtinken te jaan oan it feit dat Bernardus Nieuwenhuis hûndert jier lyn berne is. As it heal kin sil der in boek oer en mei wurk fan him gearstald wurde.

Sadwaande is de Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije op 'e siik nei al it wurk fan Nieuwenhuis. Dat kin wêze in skilderij, in pinnetekening, in akwarel, in achtersket fan in fersierde wein, in beskildere molkbus en neam sa mar op. Oan no ta ha we in stik of 180 wurken achterhelje kinnen, soms sels fan wurk dat yn Kanada of de Feriene Steaten telâne kaam is. Der moat lykwols folle en folle mear te finen wêze.

Us fraach is no: wa hat wurk fan Nieuwenhuis yn 'e hûs of wit dat oaren wurk fan him ha? De Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije soe it tige op priis stelle as jo dy ynformaasje trochjouwe oan ûnderkreaune. Dat kin fia de telefoan (0512-342912) of fia e-mail ( Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien. ). Jo kinne der wis fan wêze dat der soarchfâldich mei de ynformaasje omgien wurdt.

Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije

 

schilderij

Mijn overgrootvader moet molenaar zijn geweest in Eastermar. Het moet Yme Drost zijn geweest.
Weet u wat meer over de molen en het dagelijks leven van zo'n molenaar?

Met vriendelijke groet,

Piet Drost, Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien.

Image
Molen aan de Lits, Eastermar, collectie Streekmuseum Burgum

 

Het digitale LC archief blijkt een bron van informatie over Eastermar. Oebele Brouwer vond een prachtige open brief aan de gemeente over welke weg nu dé verbinding met Surhuisterveen moest worden; de Seadwei (de Zoodenweg) of de Swartewei. Maar ook een aankondiging van een 'hardzeilpartij'. Hij schrijft hier over:

Hjoed de dei tinke wy yn Eastermar wolris dat wy de moderne útfiners binne fan al dy Barrens. En dat der yn Eastermar hieltiid mear fan dizze feesten komme.
Mar yn de jieren 1855- 1870 koenen hja der ek wat fan. Alle jieren in grutte hurdsilerij, mei dikke priizen en feest nei ôfrin. En blikens de útnoeging fan de Zeilvereeniging hienen de froulju frij tagong tot de boat en de feestseal; neat nijs ûnder de sinne.
De tsjintwurdiche wettersportferieniging hat koartlyn oan de leden frêge hwat hja dwaan kinne oan aktiviteiten. Mei it nije skûtsje en dizze âlde berjochten út de Ljouwerter Krante fan 1863 en 1866 liket it antwurd dúdlik.

Image

Image

Het eerste juweeltje uit het digitale archief van de Leeuwarder Courant is boven water. Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien. uit Franeker schrijft:

Mijn pake Willem Boorsma is geboren in Oostermeer (Snakkerbuorren) en heeft tot zijn overlijden gewoond aan de Torenlaan.
In zijn werkzame tijd op adres Torenlaan 20 (thans P. deJong) later Torenlaan 30.
Betreffende advertentie moet van zijn grootouders zijn.

Met vriendelijke groeten,
Willem Boorsma

Image