zondag 27 maart 2011
Der binne twa oanpassings foar de Eastermaillist.
It registraasjeformulier foar nije digitale bewenners fan Eastermar moat, spitigernôch, útwreide wurde mei in anty-spamkoade. Nije ynskriuwers moatte dizze koade oernimme om har ynskriuwe te kinnen. Wy hawwe it besocht om it sûnder te dwaan mar dat is net slagge, it is net oars.
Alle ynwenners, dus ek dy't al ynskreaun binne, kinne no ek har evt. Twitternamme ynfolje. Nei it ynloggen kin men fia de knop 'Profiel' (rjochtsboppe by de tabkes) it profyl oanpasse. Eastermarders dy 't Twitterje, en dat binne der hieltyd mear, witte dan wol hoe't hja de twiets fan in oare Eastermarder fine kinne...
Dat wie it wer even...


