Thús » Over deze site » Berjochten fan Eastermar.nl tenei op Twitter

Under de namme 'Easternijs' is Eastermar.nl no te folgjen op Twitter. Alle nije berjochten krije automatysk in 'tweet' op @Easternijs. Minsken dy 't sels in account op Twitter hawwe, hoege dus net langer apart nei www.eastermar.nl te gean om te sjen oft der nije berjochten binne. Sa gau't in nij berjocht publisearre is, folget fuortendaliks in tweet op @Easternijs mei in ferwizing nei it folsleine artikel.

Under alle berjochten stiet ek in 'Tweet' knopke. Dêrmei kin in besiker syn/har 'followers' fia it eigen Twitter-account mei ien hanneling op 'e hichte bringe fan in nijsgjirrich artikel.

Easternijs op Twitter

(advertenties)

Banner