Thús » Fer. foar Doarpsbelang

Doarpsbelang

vragenlijst-doarpsbelang

Aan de dorpsbewoners van Eastermar,

Ruim een jaar geleden stond er een interview met een paar inwoners van Eastermar in het Fries Dagblad. De landerijen, de slingerende zandpaden, de doodskoppen op het hek bij de âld toer, ‘Alsof een lang vergeten gebied wordt aangedaan’, aldus de schrijver van het artikel die op zoek ging naar het verleden en het heden van het dorp dat van oudsher door hardwerkende agrariërs wordt bewoond. Na de grote ingreep van de ruilverkaveling destijds worden als grootste veranderingen anno 2010, de nieuwe haven, de komst van de kinderopvang en de nieuwe voetbalkooi genoemd. ‘Heel veel meer lijkt het dorp niet nodig te hebben om levendig te blijven’, is de conclusie aan het eind van het verhaal.


Image
Al krapoan 100 jier bestiet yn Eastermar de Feriening foar Doarpsbelangen, oprjochte op 15 maart 1915, doedestiids ûnder de namme ‘Vereniging Plaatselijk Belang'.
De doelstelling wie koart en dúdlik:
1.De vereniging heeft ten doel de leefbaarheid van het dorp Oostermeer te bevorderen.
2. Zij tracht dit doel te bereiken door alle geoorloofde middelen.
De doelstelling is yn feite noch krekt sa, mar kin net mear ta mei sa’n koarte omskriuwing. De tiden binne feroare en geandewei komme der mear saken op it bestjoer ôf.
Doelstellings wurde fêstlein yn beliedstikken sa as: wennigboubelied, ferkearsbelied en it belied rekreaasje. In wichtich beliedstik foar de kommende tsien jier  is de doarpsfisy 'In nije tiid, in nije wize fan sjen', makke en fêststeld yn 2009. By de ferskate ûnderdielen út it beliedsplan wurdt sa mooglik oansluting socht by it gemeentlik belied om dêrmei de kâns op realisearring fan bepaalde projekten te fergrutsjen.

Lykwols binne de winsken fan in doarp net altyd deselde en rinne se net op foarhân parallel mei it gemeentlik belied. As foarbyld mei jilde de werynrjochting fan it Breed.
De kontakten mei de gemeentlike oerheid binne de lêste jierren yntinsiver wurden. De gemeente hat harsels oplein om oer tal fan saken dy’t mei it doarp te krijen hawwe, advys dan wol oerlis te freegjen mei it Doarpsbelangbestjoer. It giet dan bygelyks om bestimmngsplannen, bouplannen, ferkearsplannen en oare saken dy’t in doarp oangeane. Der is trouwens in ynformearjen fan wjerskanten: de gemeente kin Doarpsbelang hifkje oer in bepaalde saak, mar Doarpsbelang kin oarsom ek de gemeente om advys freegje.
De gemeente hat yn 'e mande mei alle doarpsbelangbestjoeren yn in gemeentlik dokumint de ûnderlinge wurkwize fêstlein: de 'Wurkwizer'.

Yn 2009 binne de leden fan de feriening unanym akkoart gien mei nije statuten, it ferieningsdoel is yn dit dokumint helder omskreaun:

  1. De feriening hat as doel: de leefberens fan Eastermar, har útbuorrens (of
    buorskippen) en omjouwing te befoarderjen en fierder alles dat mei ien en oar
    streekrjocht of sydlings ferbân hâldt of dêrta befoarderlik wêze kin, alles yn 'e
    romste sin fan it wurd. Foarbylden binne ûnder oare: ferkear en ferfier, sport
    en rekreaasje, bestimmingsplannen, foarsjennings, tsjinstferliening, grienbehear
    en miljeu.
  2. De feriening besiket har doel foarm en stâl te jaan troch:
    a. oerlis mei leden, ynwenners en oare ferienings út Eastermar;
    b. oerlis mei de oerheid: bygelyks gemeente en provinsje;
    c. alle oare wettige middels, sa as it beswier meitsjen tsjin maatregels fan tredden troch in sjenswize yn te tsjinjen en it fieren fan wetlike prosedueres.

Kontaktadres Feriening foar Doarpsbelang:
Ada Roelants, E.M. Beimastrjitte 8, 9261 VJ Eastermar. Tel. 0512 471232.
email: Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien.