Yn de ôfrûne jierren hat ús doarpshiemside wer hiel wat ynformaasje trochdien oan elkenien dy ’t dêr belang by hie. In ferskaat oan besiters, sawol út it eigen doarp, as út de fiere omkriten ha www.eastermar.nl faak besocht. De besiters sochten om ynformaasje op allerhande mêd: toerisme, bedriuwichheid, skûtsjenijs, it Easterbarren en it ‘trochklikken’ nei oare websiden barde ek wakkere faak.
Neist it ‘gewoane doarpsnijs’ binne de Doarpsaginda en de Eastermerk populêr. De measte besikers komme fansels út Nederlân, mar der binne ek út Dútslân by, út Kanada en Saudi Arabië…
Yn trochsneed wurdt de hiemside tusken de 200 en 400 kear deis besjoen. Dat komt del op mear as 100.000 besikers yn ‘t jier!
In bewiis dat ús doarpsside goed ‘yn ‘e merk leit’. Om oan dat ferlet fan in brede ynformaasjefoarsjenning foldwaan bliuwe te kinnen, moat der lykwols hiel wat barre:
de redaksje ferset in soad wurk om nijtsjes – faak mei it byhearrende fotomateriaal – te sammeljen, de advertinsjes en logo’s fan bedriuwen moatte up-to-date hâlden wurde, de technyk wurdt yn ‘e gaten hâlden en gean sa mar troch. Fansels bringt it gehiel fan al dizze aktiviteiten ek kosten mei him mei.
In jier of twa ferlyn hat it wurkgroepke dat de webside in nije draai jûn hat, in oprop ta finansjele stipe dien. Sa’n oprop dogge wy no wer oan de besiters – ek oan dyselden om utens, sis mar it bûtenlân – fan ús webstek. Der sitte grif noch wol in stik as wat euro’s/dollars yn ‘e fakânsjebeurs dy‘t oan dit goede doel bestege wurde kinne.
Hjirûnder de gegevens dy’t noadich binne foar sa’n donaasje.
Bankrekkennûmer: 1451.82304 (op namme fan H.O. Hoekstra, û.f.f. Webside Eastermar)
Ynternasjonaal bankrekkennûmer: NL15 RABO 0145 1823 04
Tige tank yn ’t foar,
de wurkgroep www.eastermar
