vrijdag 29 juli 2011
It inisjatyf kaam fan Herman en Lineke van der Meer fan Drachten dy't faak mei de boat, de 'Frosk 1', yn de Komerk lizze. Hja hiene in wiidweidige mail stjoerd nei Omrop Fryslân mei harren argumintaasje wêrom't de Komerk nominearre wurde moast as bêste lisplak fan Fryslân. De Omrop pikte harren mail der út en sa kaam de Komerk mei de Prinsetún yn Ljouwert en de Krúspôle op de Fluezen op de nominaasje te stean.
Dêrnei wiene de harkers oan bar en koene in stim útbringe op www.simmerynfryslan.nl. En wat waard it spannend. Op tongersdeitemiddei stie de Komerk op twa. Mar deselde jûn noch wie de Komerk de Krúspôle foarby. Mar noch wiene wy der net want ek in saakkundige, Jan de Jong fan it Wettersportbûn, soe punten útbringe. Doe't dy in gelikens tal punten oan de Komerk en de Krúspôle joech, wie it spultsje dien en de Komerk waard ta winner útroppen. De priis is in moaie oarkonde fan Omrop Fryslân.

En Herman en Lineke dy't der spitigernôch net by wiene, hawwe ek noch in priis wûn fan Omrop Fryslân: kaarten foar it Glemmer Beach festival.
Links: http://www1.omropfryslan.nl/82522/Komerk-beste-lisplak.aspx





