Samar in sneon yn Eastermar. Sinneskynwaar. Himmel waar, soe in wat âldere Fries sizze. De minsken binne fleurich en meitsje in praatsje op strjitte of oer de hage. Mar nee, it ís net samar in sneon. It is de dei dat Eastermar offisjeel in nij sûnens- en soarchsintrum kriget. In moaier kado foar it doarp is hast net te betinken. Jo pleatslike ferslachjouwer Jort Easterkelder docht, lyk as in pear wike ferlyn by de iepening fan Meerzigt, wer ferslach.

Sille der wol minsken komme op de iepen dei, freegje Piet en Eltine Wiersema har de foarôfgeande jûn noch ôf. Sok moai waar, konkurrinsje fan oare aktiviteiten. Mar om ien oere stean de earsten al foar de doar en it bliuwt drok oan fjouwer oere ta. It iepen hûs blykt in publykstrekker fan komsa te wêzen. ‘Tout Eastermar’ komt der op ôf om it nije soarchsintrum mei eigen eagen ris te bewûnderjen. Fansels is eltsenien nijsgjirrich nei wat der nei sa’n lang skoft fan ferbouwen achter de ruten fan it BetterSkip, de namme fan it nije sintrum, allegear te belibjen is.

P1240453

De ‘ôôôhs en aaahs’ binne rûnom te hearren. Dat begjint al yn de wachtkeamer, de earste stop. In feest fan werkenning: 'Hearkens, de âlde tsjerkebanken stean hjir en dy kroanluchter, ja dy kenne wy ek.' En dan it skilderij fan Gosse Koopmans, dat as gâns útfergrutte print in hiele muorre yn beslach nimt. 'Ast dêr wat langer nei sjochst, binne de klachten fuortendaliks minder', laket in besiker.

P1240348

De rûnlieding giet fierder mei de minsken fan World Servants Eastermar as paadwizers. Wy komme yn de nije apoteek telâne. 'Dit is wol even wat oars as dat benaude hokje yn it foarige ûnderkommen, wat in ferbettering!', wurdt der roppen, sûnder besef dat it wurd better hjir moai fan tapassing is. Mei iepen mûle sjogge de besikers om har hinne. De assistintes fan dokter Piet kinne it allegear sels ek noch mar kwalik befetsje en binne tige wiis mei it nije wurkplak. Dokter en de frou komme wy dêr ek tsjin. Sy komme nergens oars oan ta as alle kearen mar wer de hân útstekke en lokwinsken yn ûntfangst nimme. Terjochte lokwinsken.

Wy swalkje fierder en komme yn de praktyk fan dokter telâne. De hiele middei wurde der opmerkings makke as 'It is moai dat ik hjir no bin mar ik hoopje hjir foarearst net wer te kommen.' Men is optein oer wat men sjocht. En dat it pân oait in tsjerke wie, men liket it hast fergetten. De metamorfoaze is kompleet.

Fierder mar wer, by de rûmte fan de praktykûndersteuner del. En by de minsken fan ‘e thússoarch, dy‘t foarljochting jouwe oer har wurk. En ja hear, men kin der op wachtsje: file. In opstopping by de trep nei boppe. Want ek dêr wol men even sjen fansels. De World Servants-assistinten hawwe it der mar drok mei. Tuskentroch wurdt ús ek noch in balpen yn ‘e hân drukt, as oantinken.

Ien kear boppe belâne kin de nije gearkomsterûmte besjoen wurde. It iennige plak dat in lyts bytsje, mar dan ek in hiel lyts bytsje, in herinnering opropt oan ‘e Buorrentsjerke fan eartiids. De muorre, de lampen en ek wer in pear tsjerkebanken. En 'ôôôh, dat útsicht, prachtich!'

P1240388

Tinkt men klear te wêzen, dan blike de doarren fan de fysio- en fitnessrûmte ek iepen te stean. Hiel wat Eastermarders komme hjir al geregeld te sporten. Dizze ferslachjouwer kin mar ien konlúzje lûke: wa't tinkt dat de fleurigens fan de minsken komt troch de sinne fan de lêste wiken, dy hat it mis: dy hat dúdlik te krijen mei it feit dat in protte ynwenners tsjintwurdich sa fit binne. Fit en sûn makket ommers fleurich! Soe dokter Piet no ek minder te dwaan hawwe mei de komst fan it fitnesssintrum? Mar dokter Piet jout gjin antwurd op dizze fraach. Hy laket en is sels ek like fleurich.

Ek de meiwurkers fan fysioterapy ‘Yn ‘t doarp’ binne drok mei útlizzen fan alle mooglikheden oan alle besikers. Fysioterapeute Ineke hat in prachtmiddei. 'It liket wol in soarte fan reuny.'

P1240426

Oan de ein fan de rûnlieding is it heech tiid om even te bekommen. En ek dêr is om tocht. Kofje, tee, wat lekkers. De cateringhelpen hawwe it der mar drok mei. De Eastermarders genietsje derfan en prate noch efkes nei. 'Wat moai, wát moai! Wat geweldich dat wy al dizze foarsjennings yn eigen doarp hawwe en dêrfoar net nei gruttere plakken hoege.'

Om fjouwer oere is de iepen dei achter de rêch. Foar de meiwurkers fan it BetterSkip is der lykwols gjin tiid om even út de pûsten. Want no sil it offisjele part fan dizze dei úteinsette. Yn in grutte tinte, foar it BetterSkip oer, komme de genoadigden byinoar. Tink dêrby oan ôffurdigen fan ynstânsjes, fan de bedriuwen dy ‘t meiwurke hawwe, oan famylje en freonen. In lange rige minsken wachtet geduldich op har/syn beurt om Piet en Eltine Wiersema te komplimentearjen en te lokwinskjen.

Nei de kofje nimt Piet Wiersema it wurd. It aventoer dat hy en Eltine in pear jier lyn mei de keap fan ‘e Buorrentsjerke oangienen, komt hjoed ta in hichtepunt. Tankwurden sûnder nammen te neamen. Op ‘e útnûging stie al in enoarme list fan bedriuwen dy’t meiholpen hawwe om it BetterSkip te realisearjen. En wa’t dy list goed bestudearre hat, sjocht dat der safolle mooglik Eastermarder bedriuwen ynset binne. In bewuste kar.

It is tiid foar de iepening. De eare is oan, wa oars, Wim Stougie: dûmny, freon en... no buorman. Yn syn iepeningswurd slagget Stougie deryn om heden en ferline te ferbinnen op in wize sa’t allinne hy dat kin. Want wie it 35 jier lyn net sa dat in jonge Piet yn syn Eastermarder fakânsjes mei syn famylje yn tsjerke - in Hûs fol ferhalen - siet. Ferhalen dy’t bydroegen oan it wolwêzen fan de minsken. Ferhalen oer hoop en genêzing. En dat it nije gebou no wer in hûs is fol ferhalen dêr't better wurde, hoop krije en hâlde en positive winsken op ‘e nij in grutte rol yn spylje.

P1240456

'it BetterSkip'. De namme is betocht troch Piet en Eltine, boatsjeminsken. Hoe tapaslik. En, hawwe jimme wol sjoen dat it wurdsje ‘it’ yn it logo tagelyk in anker is? In anker, it symboal fan hoop. Dat ha de makkers fan it logo, it wurdmerk, hiel moai betocht.' Mei de wurden fan Wim Stougie falt yndie alles op syn plak.

Jan Wiersema, soan fan, en Wim Stougie nimme de minsken mei nei de yngong fan it BetterSkip. De meiwurkers fan ACCES catering traktearje wylst alle oanwêzigen op in gleske. It Iepen Hûs-spandoek dat oan ‘e gevel hinget, blykt wat te ferbergjen. Mei help fan in tou lûke Jan en Wim tegearre it spandoek fuort. In gevellogo mei de namme komt foar ‘t ljocht. De 'finishing touch', it gebou is no kompleet. Applaus. Foar de gasten tiid foar in besichtiging. De meiwurkers stean al klear foar in nije sessy rûnliedings.

P1240466

Mar ho ris even. Dizze ferslachjouwer tocht op dat stuit dat er nei in lange middei klear wie en nei syn office koe om syn ûnderfinings yn wurden om te setten. Mar dat giet dus net troch. Ynienen binne dêr dy twa. Twa wat? Tsja, twa froulju. Twa fan dy frommessen. En sy freegje nochal wat omtinken. Wêr dokter Piet is en de frou. Want der moat even wat bepraat wurde. En ek alle assistintes fan dokter Piet moatte der by komme. Want it giet hjir om belangrike saken. It docht bliken dat it twa sollisitanten binne. In wurkplak yn it nije BetterSkip, dat is har grutte dream. En dat sil grif slagje, dus it is moai dat sy no al mei har nije kollega’s fûstkje kinne. En oft sy de sollisitaasjebrief wol fuortendaliks taljochtsje meie. En wêrom 't der gjin boskjes nettelroazen op tafel stean... Lachsalvo’s. 'Wa binne dit?' De gasten fine it geweldich.

P1240501

In hilaryske skets sa‘t allinne Atsie Boersma en Wietske van der Zee delsette kinne yn ‘e foarm fan de personaazjes Froukje en Jantien Vanstast. In lyts en ûnferwachte Easterbarren, in moaie ôfsluting fan in prachtige dei.

P1240490 1

Mei in grutte glim om ‘e mûle is it BetterSkip iepene. In hûs foar sûnens, soarch, foar it dwaan fan jo ferhaal, foar it wolwêzen fan Eastermar e.o. Mei in djippe bûging foar Eltine (ek as boukoördinator), foar ús dokter Piet en al dyjingen dy’t meiholpen ha om it nije sûnens- en soarchsintrum fan 'e grûn te krijen. Lokwinske Eastermar, wat in kado!

Fotoferslach Rienk Vlieger >>
Fotoferslach Mark Kooi >>

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe